Keunstwurken yn sintrum Dokkum

25 jun 2013 - 15:00

De binnenstêd fan Dokkum is fan tiisdei ôf opfleure mei keunstwurken. It binne spandoeken mei foarstellings oer de stêd en omkriten dy't boppe de Breedstrjitte hingje. It is in inisjatyf fan in tal keunstners dy't keunst op dizze wize tagonklik meitsje wolle foar in breed publyk. Neist minsken út Dokkum hawwe ek keunstners út it Dútske Fulda meidien. Dokkum en Fulda hawwe in gearwurkingsferbân fanwege Bonifatius dy't yn Dokkum fermoarde is en yn Fulda begroeven leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)