'Details oer moard Tsjûkemar'

25 jun 2013 - 14:07

De plysje komt tiisdeitejûn yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht mei details oer de moard op in 35-jierrige Amsterdammer. Syn lichem waard ferline wike fêstbûn en ferbaarnd fûn by in swimplak oan de Tsjûkemar. Om wat foar details it giet wol de plysje yn it foar net sizze. Dat wurdt mei dien op fersyk fan de famylje. Omdat de plysje yn earste ynstânsje net achterhelje koe om wa't it gie, is dy famylje pas moandeitejûn ynljochte. De plysje hat oant no ta noch neat nei bûten brocht oer in mooglike dieder of dieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)