MRSA yn De Batting yn Harns
Yn it ferpleechhûs De Batting yn Harns is in pasjint besmet mei de MRSA-baktearje. Dizze resistinte baktearje is net mei antibioatika te bestriden en kin dêrom gefaarlik wêze foar kwetsbere pasjinten. De besmetting kaam oan it ljocht by in rûtinekontrôle. Der wurdt fierder ûndersocht oft der mear pasjinten en meiwurkers besmet binne.