Pommeranten yn aksje foar wurk

25 jun 2013 - 11:53

Under lieding fan Hans Wiegel set in groep foaroansteande Fryske direkteuren en bestjoerders him yn foar de ûntwikkeling fan de wurknimmers fan de takomst. Dat dogge se troch in manifest te ûndertekenjen mei it Friesland College, wêrby wurkjen en leare better yntegrearre wurde. Dêrtroch moat de kleau tusken ûnderwiis en arbeidsmerk ferdwine. Oare bedriuwen kinne har ek oanslute by it inisjatyf. Njonken Hans Wiegel dogge ek haadredakteuer Hans Snijder fan de Ljouwerter krante en Diana Monissen fan de Friesland Zorgverzekeraar mei.

Trefwurden: 
wurk Hans Wiegel pommeranten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)