Delgong oplagesifers kranten

De oplagesifers fan de kranten fan de NDC mediagroep, mei ûnder oaren de Ljouwerter krante en it Dagblad van het Noorden, binne yn it earste fearnsjier fan dit jier fierder sakke. Ek by it Friesch Dagblad is sprake fan in delgong. De Ljouwerter krante hat no noch in lytse 73.000 abonnees, sa'n 4800 minder as in jier lyn.
By it Dagblad van het Noorden rûn de betelle oplage werom fan 116.000 nei goed 108.000. Mei digitale abonneminten meirekkene hat de Ljouwerter goed 83.000 abonnees.
It Friesch Dagblad levere yn fegeliking mei in jier lyn 515 abonnees yn en stiet no op in betelle oplage fan 13.735. Takom tongersdei krije de wurknimmers fan de NDC te hearren hokker minsken der út moatte yn ferbân mei de reorganisaasje. Oant ein dit jier ferdwine sa'n 200 banen. Oant july 2014 nochris 50.