Riedslid Leo Andringa opstapt
Riedslid Leo Andringa is moandeitejûn opstapt as lid fan de gemeenteried fan Opsterlân. De oprjochter fan de partij Opsterlanders hat skjin syn noch fan de wize wêrop ried en kolleezje omgean mei de omstriden bouwurken op it hiem fan Opsterlands Belang-riedslid Hans de Jong. Andringa beskuldiget - mei kollega-riedslid Rein Suurd - De Jong fan machtsmisbrûk. In fersyk ta in debat dêroer is moandei fuortstimd troch de mearderheid fan de ried. De wize wêrop skeat Andringa sa yn it ferkearde kielsgat.