Mega kanielstok op transport

In kanielstok fan mar leafst tritich meter lang en trije meter breed is moandeitenacht fan De Lemmer nei Oosterhout ferfierd. Dit is net in echte kanielstok, mar in silo dy't der sa útsjocht. De silo mei in opslachtank deryn is makke troch it bedriuw Polem en is bedoeld foar de grutste lollyfabriek fan de Benelúks.
De silo sil fold wurde mei sûker. Foar Polem in moai projekt om te meitsjen.