Skulptueren Snits krije foarm

De earste foarmen fan de sânskulptueren yn Snits binne al sichtber. Moandei binne de bouwers úteinset mei it meitsjen fan skulptueren foar it sânskulptuerefestival. Keunstners út binnen- en bûtenlân binne oan de slach mei skulptueren oan de Toppenhústerwei yn Snits. De Nederlânske dielnimmers stride foar de titel 'Nederlands Kampioen Zandsculpturen'. De winner wurdt freed bekend makke.
Fan moandei 1 july ôf giet it terrein iepen foar publyk. De skulptueren bliuwe de hiele simmer stean.