PvdA: 'Stel beslút JSF út'

25 jun 2013 - 06:38

It beslút oer de oanskaf fan de JSF moat útsteld wurde. Allinnich sa kin de PvdA foarkomme dat it gesichtsferlies liedt yn it dossier. Dat is it boadskip dat de Harnzer PvdA de wurkgroep definsje fan de partij meijûn hat. Op in byienkomst yn Harns waard moandei praat oer de takomst fan definsje. Ynkoarten makket minister fan Definsje Hennis har takomstfisy bekend, nei alle gedachten wurdt dan besletten ta de oanskaf fan de JSF. Dat leit gefoelich by koälysjepartij PvdA. De partij is gjin foarstanner fan it gefjochtsfleantúch.

Trefwurden: 
PvdA JSF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)