Korver besjocht saak-Klijnstra

24 jun 2013 - 16:48

De Amsterdamske advokaat Richard Korver sil de moardsaak Ida Klijnstra op 'e nij besjen. Hy docht dat yn opdracht fan de famylje. Dy binne it net iens mei it beslút fan it Iepenbier Ministearje om it ûndersyk stop te setten. It Iepenbier Ministearje giet derfan út dat Arjen van der S. út Frjentsjer belutsen wie by de moard.

Van der S. die himsels tekoart doe't de plysje him oppakke woe. Syn beide soannen soene ek belutsen wêze by de moard, mar dêr is gjin bewiis foar. En sadwaande hâldt it ûndersyk fan justsje op.

De skoansoan fan Klijnstra, Richard Bos, hopet dat it ûndersyk fan Korver nije oanknopingspunten jaan sil. Minsken mei tips kinne har ek anonym by Korver melde. Der is noch hieltyd in beleanning fan 100.000 euro beskikber foar de gouden tip yn dizze moardsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)