Wildschut nei SC Hearrenfean

24 jun 2013 - 16:23

Yanic Wildschut (21) spilet mei yngong fan it kommende seizoen by SC Hearrenfean. Wildschut komt oer fan it degradearre VVV, dêr't er noch in jier ûnder kontrakt stie. Wildschut hat moandei by Hearrenfean in kontrakt tekene foar trije jier. Wildschut wie ferline jier ek al yn byld, mar doe fûn Hearrenfean de spiler noch te djoer.

Hearrenfean presintearre ek de Noarske ynternasjonal Magnus Wolff Eikrem (22). De Noar komt oer fan de Noarske kampioen Molde FK. Eikrem hat in kontrakt tekene dat him foar fjouwer jier oan SC Hearrenfean ferbynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)