Eastenriker nei SC Hearrenfean

24 jun 2013 - 14:17

De 19-jierrige Stefan Savic út Eastenryk sil staazje rinne by Sportklup Hearrenfean. Savic is sûnt 2005 aktyf by de fuotbalakademy fan Red Bull Salzburg. De jonge oanfallende middenfjilder spilet al sûnt syn 15e jier foar ferskate nasjonale jeugdteams. Op dit stuit spilet hy yn Eastenryk ûnder de 19 jier.

Savic hopet in plak yn de seleksje fan Marco van Basten ôf te twingen. It is net bekend hoelang oft de staazje krekt duorje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)