Plysje sjit by achterfolging

De plysje hat snein in warskôgingsskot lost by de syktocht nei twa fertochten fan in ynbraak op It Hearrenfean. In plysjeman rekke licht ferwûne. Fjouwer manlju waarden sneon op 'e die betrape by de ynbraak troch de bewenners. Se naaiden út, mar it kenteken foar de flechtauto wie opskreaun troch de bewenners. Snein waard de auto sjoen yn Grins en de plysje sette de achterfolging yn.
In man út Servië koe yn de omjouwing fan Nooitgedacht yn Drinte oanhâlden wurde. Hjirby waard sketten. Nei it skot koe in man (18) út Vleuten oppakt wurde.
In tredde fertochte fersette him bot by syn oanhâlding en wist lang om let te ûntkommen. In plysjeman rekke hjirby ferwûne. Ek de fjirde fertochte naaide út. De plysje hat noch in helikopter ynset om de beide fertochten te sykjen, mar dat hat neat opsmiten. De twa binne noch hieltyd net oanhâlden. Ien fan harren is letter noch wol sjoen op it stasjon fan Assen.