Bustocht tsjin bijestjerte

24 jun 2013 - 12:24

In bus mei Fryske promininten rydt moandei lâns de alve Fryske stêden om bijestjerte tsjin te gean. Yn 'e bus sit ûnder oare Twadde Keamerlid Lutz Jacobi en foarsitter Jaap Molenaar fan 'e Nederlânske bijestifting. Sy wolle dat de gemeenten en boargers mear om bijen tinke, troch bygelyks gjin fergif yn 'e tún te brûken.

Alle stêden krije in kilo blommesied om in alvestêde-bijelint te meitsjen. Dat moat in strook fan mear as 200 kilometer blommen troch Fryslân opsmite. Jacobi tinkt dat dizze âlvestêdetoer de bijen wol helpe kin.

Trefwurden: 
bijen bijestjerte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)