Rein pleaget iepenloftspullen

24 jun 2013 - 11:41

Iepenloftspullen en reinich waar binne in ûgelokkige kombinaasje. Dat docht dizze dagen wer bliken. Yn Dronryp waard de foarstelling Terpwert sneon skrast fanwege wiet waar. Ek it tal taskogers nimt ôf. Neffens foarsitter Anne Kingma fan iepenloftspul Dronryp begjint dat no wol in probleem te wurden. It is noch mar de fraach oft sy no út de kosten komme.

As it waar meihelpt en de bieromset goed útpakt by de lêste foarstellings falt de skea mooglik noch wat ta.

Yn Opsterlân ha sy yn 'e regel gelok mei it waar, seit foarsitter Arend Waninge fan it Iepenloftspul Opsterlân. Der is allinnich ien kear skood mei it skoft fanwege it waar. Dit stik kin ek makliker ûnderbrutsen wurde. Troch konservatyf te begrutsjen, tinke sy dêr seker út de kosten te kommen, ek al binne der troch it minne waar wolris lege plakken.

Trefwurden: 
Iepenloftspul rein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)