Undersyk dongsilo duorret noch

24 jun 2013 - 10:57

It ûndersyk nei it ûngelok mei de dongsilo yn Makkingea sil noch wol in pear wiken duorje. It ûndersyk is behoarlik kompleks. Der moatte ûnder oare ferskate meunsters naam en ûndersocht wurde. Dêrmei kin neigien wurde oft gassen yn de silo de oarsaak fan it drama binne.

By it ûngelok yn Makkingea kamen ferline wike de 26-jierrige soan fan de boer en twa meiwurkers fan Heeres Mix- en Pomptechnyk út Abbegea om it libben. De meiwurkers wiene dwaande mei it skjinmeitsjen fan de silo.

Trefwurden: 
ûngelok Makkingea dongsilo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)