Dokk'em Open Air lûkt 3500 man
De achtste edysje fan metalfestival Dokk'em Open Air hat dit wykein 3500 besikers lutsen. Netsjinsteande it minne waar wiene der likefolle besikers as ferline jier. Op freed kamen 1500 minsken nei it festivalterrein, sneon wiene dat der 2000. De organisaasje is tevreden oer it ferrin fan it festival.
Troch de rein moasten wol maatregels naam wurde. Der is strie lein op it terrein foar it bûtenpoadium om foar te kommen dat it in drekboel wurde soe. Sneintemoarn binne trekkers ynset om kempers fan festivalgongers út de drek te lûken.