'Oerlis oer stavering nedich'

24 jun 2013 - 10:00

It Skriuwersboun ropt de provinsje Fryslân op ta in werberied oer it beslút oangeande de staveringsferoaring, de standertwurdlist en de staveringshifker. It boun wol graach mei skriuwers en oare saakkundigen mei de provinsje om tafel om oer de stavering te oerlizzen. It Skriuwersboun hat hjiroer in brief skreaun oan de provinsje en de Fryske Akademy.

No freed hâldt de provinsje in algemiene gearkomste oer de staveringskwestje yn it gebou fan de Fryske Akademy.

It Skriuwersboun docht ek in suggestje foar in tuskenoplossing. De organisaasje stelt út om de nije staveringshifker earst te foljen mei de âlde wurdlist, of dy fan it hânwurdboek, sadat de staveringshifker daliks brûkt wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)