Kettingbotsing op de A7

Op autosneldyk A7 by It Hearrenfean hat him moandeitemoarn in kettingbotsing foardien. Der binne seis auto's by belutsen. Neffens de plysje is net ien ferwûne rekke.
Ien rydstrook is troch it ûngelok net beskikber. Bestjoerders út de rjochting Drachten moatte rekken hâlde mei in file tusken ôfslach De Tynje en It Hearrenfean. De fertraging is op dit stuit mear as 20 minuten.