Plysje achterfolget ynbrekkers

De plysje hat snein twa fertochten oanhâlden fan in wenningynbraak op It Hearrenfean. De twa waarden sneon by har ynbraak betrape troch de bewenners. Se naaiden út, mar omdat de bewenners it kenteken fan de fluchtauto noteard hiene, koene se snein oanhâlden wurde. Dat wie by Roden, neidat de plysje de auto fanút Grins achterfolge hie.
Yn Roden naaiden twa fan de fjouwer ynsittenden fan de auto út. Der is noch mei in helikopter, plysjehûnen en Burgernet nei har socht, mar se binne net fûn. De oare twa ynsittenden koene wol oanhâlden wurde.