Nobelen jout opdracht werom

© awfoto.nl
Paul Nobelen sil gjin ûndersyk dwaan nei de sitewaasje by Sportklup Hearrenfean. Yn in mienskiplike gearkomste mei it stichtingsbestjoer, boargemaster Van der Zwan, ûndersiker Jos Vaessen en fertsjintwurdigers fan de ferûntrêste groepearrings hat Nobelen syn opdracht weromjûn. Nobelen seit dat hy 'het onderzoeksklimaat als onvoldoende goed ervaart om een integer, onafhankelijk en professioneel onderzoek te verrichten.'
It stichtingsbestjoer sil no op syk nei in ferfanger. Vaessen en Van der Zwan bliuwe wol oan yn it ûndersyksteam.