Van Zwieten wint yn Berltsum

De frije formaasjepartij yn Berltsum waard dochs wol ferrassend wûn troch Menno van Zwieten, Folkert van der Wei en kening Hans Wassenaar. Sy wûnen de finale fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra, en Daniël Iseger mei 5-2 en 6-6. De lytse preemje waard wûn troch Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma.
It ferlies fan de finale betsjut dat it partoer fan Van der Bos dit wykein noch net takaam oan in nij rekôr as it giet om oerwinnings op haadklassenivo. De teller bliuwt stean op 41 kear winst.