Westra lûkt PvdA Fryske Marren

23 jun 2013 - 12:46

Frans Westra fan Sint Nyk is keazen ta listlûker fan de PvdA yn fúzjegemeente De Fryske Marren. Jur van Vegten fan Balk stiet op it twadde plak, Janet Wind fan De Lemmer op it tredde. Frans Westra is op dit stuit foarsitter fan de PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan Skarsterlân.

De folgjende plakken op de list wurde ynfold troch Johan Dykstra fan De Jouwer (4), Roel Kingma fan De Lemmer (5), Anita Dykstra fan De Jouwer (6), Meindert Tjerkstra fan De Jouwer (7) en Jon Visser fan De Lemmer (8).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)