Fûle striid Fabriek en De Jong

Dirk Fabriek hat sneontejûn de ynternasjonale gersbaanwedstriid yn de Grinzer Pein wûn. Nei de fjouwer searjes hie Jannick de Jong de measte punten. Hy wûn trije searjes en waard in kear twadde. Fabriek wûn twa searjes en waard in kear twadde en fjirde. Yn de grutte finale gongen de beide Friezen nei in bêste start skouder oan skouder oer de baan. Doe sloech De Jong oer de kop. Nei in werstart wie Fabriek de bêste ek al omdat Mark Stiekema doe ûnderút gong. Jannick de Jong waard op syn reservemotor twadde, de Dútser Matthias Kröger tredde.