Tûzenen metalfans yn Dokkum

22 jun 2013 - 16:18

Tûzenen metalfans út it hiele lân binne te finen op it festival Dokk'em Open Air, dat twa dagen duorret. Foar de achtste kear wurdt dêr in metalfestival organisearre mei ynternasjonale, nasjonale en Fryske bands. Neffens sawol organisaasje as besikers heart metal hielendal by Fryslân.

It waar wie fansels net al te bêst, mar de besikers, dy't foar in part yn tintsjes sliepe, lutsen har dêr net al te folle fan oan.

Trefwurden: 
Dokk'em Open Air metal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)