H'fean wint ek fan Hannover

© Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean hat ek syn twadde oefenwedstriid op it trainingskamp yn Portugal wûn. Dit kear wie Hearrenfean mei 1-0 sterker as Hannover '96. Al yn de sânde minút skoarde Luciano Narsingh de iennige goal. De nûmer sân út de Bundesliga sette noch wol oan, mar kaam net ta skoaren.
Earder wûn Hearrenfean al fan Bayer Leverkusen. Sneintenacht komt de seleksje werom yn Nederlân.