Snits rint yn op Pollux

14 jan 2012 - 22:40

De follybalfroulju fan Snits ha goeie saken dien, troch te winnen fan direkte konkurrint Pollux. Yn de Snitser Sporthal pakten se pas yn de beslissende fyfde set de winst troch mei 16-14 te winnen. Nei twa spannende earste sets (27-25 en 26-24) kaam Pollux goed werom (winst mei 25-14 en 25-15), mar yn de einfaze wie Snits krekt wat better.

De Snitsers steane noch hieltyd sechde, mei trije punten minder as nûmer fiif Pollux.

Trefwurden: 
Snits follybal Pollux
(advertinsje)