50 tips oer lyk Tsjûkemar

Der binne oant no ta 50 tips binnenkaam nei oanlieding fan de fynst fan in deade man by Sint Nyk. De man waard tongersdei fêstbûn en ferbaarnd by de Tsjûkemar fûn. Oant no ta hat de plysje noch net achterhelje kinnen wa't de man is. De tips hawwe dêr noch gjin feroaring yn brocht. Wol is troch ûndersyk mear bekend oer hoe't de man der út seach.
It giet om in blanke man mei in smel postuer en koart hier. Hy wie goed 55 kilo en 1 meter 77 lang. De man hie in blauwe spikerbroek oan en in wyt shirt, mei in jaske dêr oerhinne.
De plysje hopet dat mei dizze ekstra gegevens der dochs minsken binne dy't de deade man herkenne. Sneon wurdt ek seksje útfierd op it stoflik omskot. As dat ekstra ynformaasje opsmyt, sil de plysje dy nei bûten bringe. Mooglik wurdt dan ek mear dúdlik oer de dea-oarsaak.