Brânstifting yn Snits

22 jun 2013 - 11:55

Op ferskate plakken yn de Snitser wyk De Domp binne freedtenacht brantsjes útbrutsen. Om trije oere sneontemoarn hinne baarnden ûnder mear in mobyl húske út, wêrtroch ek in keet skea oprûn. Ek waard in kontener yn brân stutsen. Dêr sloegen de flammen oer nei in konifearehage.

Op de Gudsekop, de Hoppen en de Kolmeer moast de brânwacht yn aksje komme. De plysje giet út fan brânstifting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)