MFA Aldeberkeap iepen

22 jun 2013 - 11:11

Yn Alderbekeap wurdt sneon de nije multyfunksjonele akkomodaasje iepene. It giet om in grut gebou dêr't ûnder oare it doarpshûs, gearkomstesealen, in pjutteboartersplak en de brânwachtkazerne yn sitte. Fierder hie it doarp in soad ferlet fan in grutte sporthal. Dy sit no ek yn it gebou.

De plannen foar de multyfunksjonele akkomodaasje binne al tsien jier âld, mar fanwege alle plannen dy't makke wurde moasten hat de bou lang op him wachtsje litten. Mei-inoar hat it gebou twa miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Aldeberkeap MFA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)