Eigen stroom fan Koöperaasje

It nije griene stroom-inisjatyf Ús Koöperaasje wurdt in echt enerzjybedriuw. Foarearst wurdt der griene stroom kocht en trochlevere fan Green Choice, mar ein 2013 wol de Koöperaasje selsstannich stroom leverje. De opbringsten wurde stutsen yn nije inisjativen foar skjinne enerzjy, lykas it kollektyf keapjen fan sinnepanielen en stipe foar doarpen en wiken dy't duorsume enerzjyplannen ûntwikkelje wolle.
De Koöperaasje sil sa goedkeap mooglik wurkje troch húsfesting en personielskosten leech te hâlden.
De oprjochting fan it selsstannich enerzjybedriuw foar Fryslân gebeurt yn gearwurking mei soartgelikense inisjativen yn Grinslân en Drinte.