Leeuwin aktyf foar Cambuur
Cambuur wreidet syn seleksje út mei in ferdigener. De 25-jierrige Ramon Leeuwin komt transferfrij oer fan ADO Den Haach. Leeuwin tekenet in kontrakt foar in jier. Hy kaam earder út foar FC Utrecht en AGOVV.
De ôfrûne wike ferlingde Cambuur de kontrakten fan Mohamed El Makrini en Michiel Hemmen, de twadde oanfierder en de kluptopskoarder fan it lêste seizoen.