Cowhouse iepene by Ljouwert

Stâlynrjochter Cowhouse hat freed de opfallende nijbou iepene by Ljouwert. It giet om in markant gebou dat oan de bûtenkant opmakke is as in ko. Fan de iepening fan it gebou moat in positive wurking útgean nei de Dairy Campus, dêr't it Cowhouse flakby stiet. Op de Dairy Campus stiet it ûndersykssintrum fan de Wageningen Universiteit.
De gemeente hopet dat mear bedriuwen har yn it gebiet festigje sille yn neifolging fan Cowhouse International. Op de iepening kamen gasten út de hiele wrâld.