Oerol skrast foarstellings
Ek it eilân Skylge hat lest fan it minne waar en dat betsjut dat it Oerol-festival dêr ek lest fan hat. In soad besikers fan Oerol sykje in droech hinnekommen yn ien fan de Skylger kafees.
Fan de mei-inoar 60 foarstellings kinne de measte lykwols dochs trochgean. Fiif foarstellings binne skrast.