Deade Tsjûkemar wie fêstbûn

De deade man dy't tongersdei fûn waard by swimplak De Ulesprong by Sint Nyk waard net allinnich yn brân stutsen, mar ek fêstbûn. Dat hat de plysje freed bekend makke. Dy plysje hat noch hieltyd gjin idee om wa't it giet, it ûndersyk rjochtet him dêr no benammen op. Ek wurdt besocht de deadsoarsaak te achterheljen.
Fanwege it ûndersyk is de plysje noch hieltyd op syk nei tips. Ek wurdt minsken frege út te sjen nei saken dy't de dieder of dieders mooglik fuortsmiten ha. It giet dan ûnder oare om klean of in jerrycan mei brânber guod.
Wa't tinkt wat te witten oer de dea fan de man wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.