Bitgumer rydt tsjin beam
In 53-jierrige automobilist út Bitgum is tongersdeitemiddei yn Tsjummearum mei syn auto tsjin in beam botst. It iensidich ûngelok fûn plak op de Kapellewei. It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle en is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.
De krekte oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.