Grinzer duo nei SC Cambuur

21 jun 2013 - 10:24

SC Cambuur hopet op koarte termyn oerienstimming te berikken mei Paco van Moorsel. De 22-jierrige middenfjilder wurdt hierd fan FC Grins. Van Moorsel makke ferline jier de oerstap fan FC Den Bosch nei Grins, mar kaam dêr net yn de plannen foar. De ferwachting is dat de middenfjilder takom moandei oanslút by de Cambuurseleksje.

De Ljouwerters wolle foar moandei ek Henk Bos presintearje as nije oanwinst. Bos is in 20-jierrige linkeroanfaller en spile mei-inoar 16 wedstriden yn it earste alvetal fan FC Grins.

Yn beide gefallen giet it om in tydlike oergong, neffens algemien direkteur Gerald van den Belt is hieren ynteressant. "We moeten ook rekening houden met het feit dat we kunnen degraderen. Anders blijf je zitten met een gruwelijke salarispost", sa seit Van den Belt.

(advertinsje)