Fiadukt Peins ûnder wetter
Troch it reinwetter fan freedtemoarn stiet it fiadukt oan de Sweinserwei by Peins ûnder wetter. De dyk rint ûnder de A31 troch op it stik tusken Dronryp en Frjentsjer. In omwenner ha de brânwacht warskôge om maatregels te nimmen. It fiadukt hat wol faker te krijen mei wetteroerlêst as der in soad reinwetter falt yn in koart skoftsje tiid.
Dat soarge ek al ris foar in ûngelok wêrby't in auto troch it wetter tsjin de betonnen sydkant fan it fiadukt kaam.