Bilker tsjin amtlike fúzje

Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân wol neat witte fan in saneamde amtlike fúzje yn Noardeast-Fryslân. Dêrfoar warskôget hy no't de bestjoerlike takomst fan Noardeast-Fryslân wer folop yn besprek is. Dêrby lykje foaral Ferwerderadiel en Dantumadiel te kiezen foar in amtlike fúzje wêrby't net ien gemeente foarme wurdt, mar der fjouwer gemeenten bliuwe mei ien amtlik apparaat.
Dat is neffens Bilker fierstente yngewikkeld, ûndúdlik en te djoer. Boppedat is in grutte mearderhied fan syn gemeenteried foar in bestjoerlike fúzje.