De Vries iepenet seaddehûs

20 jun 2013 - 16:23
  • In reportaazje fan Eduard Rekker

Yn Furdgum hat deputearre Jannewietske de Vries tongersdei in replika fan in saneamd seaddehûs offisjeel iepene. Sûnt de simmer fan 2012 is yn Furdgum oan de replika arbeide. Yn de iere midsieuwen wie in seaddehûs dé wichtigste boufoarm yn Noard-Europa. Archeolooch Daniël Postma die ûndersyk yn ûnder oare Skotlân en Yslân nei hoe't sa'n hûs der krekt útsjocht.

Daniël Postma kin no rûnliedings jaan yn it seaddehûs en fertelle oer it wittenskiplik ûndersyk dat dien wurde sil. De provinsje fynt it hûs ek wichtich foar kultuertoerisme.

De kommende jierren wurdt wurke oan in terperûte fan Fryslân oer Grinslân en Ostfriesland nei Denemarken. Yn it kweldergebiet binne sokke seaddehûzen boud tusken 400 en 800 nei Kristus. It neiboude hûs is in geweldich objekt dat minsken en foaral ek bern foaral bewust meitsje kin fan hoe't dy minsken doe libben. It bringt de skiednis mear ta libben, fine de inisjatyfnimmers.

(advertinsje)