Veenstra: oerlizze oer takomst

De gemeenten om Harns moatte har de kommende tiid beriede op de takomst, no't de ynwenners fan Harns har útsprutsen ha tsjin weryndieling mei Frjentsjerteradiel, It Bilt en Menameradiel. Dy trije gemeenten wolle graach fierder mei Harns, mar dat sit der foarlopich yn de foarm fan in fúzje net yn.
Der binne wol oare opsjes foar de takomst. Sa kinne de gemeenten noch mear mei elkoar oparbeidzje, sûnder echt te fusearjen. Mar dat is net de oplossing dy't boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel foar eagen hat.