Tsjerke Makkingea iepen

20 jun 2013 - 11:56

De tsjerke fan Makkingea is de kommende dagen alle middeis en in part fan de jûn iepen foar de ynwenners fan it doarp. De pastor docht de doarren iepen foar minsken dy't prate wolle oer it ûngelok yn de dongsilo of foar minsken dy't in kearske oanstekke wolle. By it ûngelok kaam in 26-jierrige man út it doarp om it libben. Ek twa meiwurkers fan Heeres Mix- en Pomptechnyk út Abbegea ferstoaren yn de silo.

Se wiene dwaande om de silo skjin te meitsjen. Tongersdei wurdt fierder ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
tsjerke Makkingea dongsilo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)