'Aris hat twa nije sponsors'

20 jun 2013 - 11:47

Sportwethâlder Andries Ekhart seit dat der twa nije sponsors binne foar basketbalklup Aris. Der sit ek in haadsponsor by. It is noch net dúdlik om hokker organisaasjes it giet. Mei de sponsors is de takomst fan Aris wis. De klup kin dan yn 'e earedivyzje bliuwe en trochgean mei nijbouplannen.

Aris wol ek al tiden dat sporthal Kealledykje ferboud wurdt, mar is ôfhinklik fan 'e gemeente. Dy wol allinnich ferbouwe as de takomst fan de klup wis is. Mei twa nije sponsors sjocht de takomst der wer in stik better út.

Wethâlder Ekhart seit dat de nijbou op syn gaust yn septimber begjinne kin. Aris soe graach al foar de simmerfakânsje úteinsette wolle, mar neffens wethâlder Ekhart kin it net earder as nei de simmerfakânsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)