Drachten hat wer in trein

20 jun 2013 - 11:43

Nei dik 25 jier stiet der wer in trein yn Drachten. It giet om de NS 662, in 60 jier-âlde disellokomotyf. It gefaarte is mei in djiplader nei Drachten helle en tongersdeitemoarn mei in grutte kraan te plak setten. Inselde soart trein ried oant 1985 tusken Grins en Drachten. De lokomotyf stiet op it Philipsterrein oan de Lange West, op it eardere einpunt fan de Philipsline. Dêrfoar is der spesjaal in stikje spoar oanlein.

It giet om in aksje fan de Stichting Spoorverleden Drachten, dy't sa it spoarferline fan Drachten sjen litte wol.

De lokomotyf weaget 30 ton en wurdt de kommende moannen opknapt troch frijwilligers. De stifting hat noch mear plannen op 'e planke lizzen. Se wolle har ûnder oare noch rjochtsje op it tramferline.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)