Vaessen tinkt nei oer ûndersyk

Jos Vaessen © ANP
Jos Vaessen hat noch gjin idee wat er de kommende tiid by Sportklup Hearrenfean krekt ûndersykje moat. Woansdei brocht in ûntefreden groep supporters, sponsors, meiwurkers en frijwilligers fan de klup nei bûten dat Vaessen mei in oare saakkundige ûndersykje moat oft der noch draachflak is foar direksje en ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean.
Vaessen is op dit stuit op fakânsje yn Spanje en befestiget dat er benadere is mei de fraach oft er eventueel beskikber is. Mar hy wit net wat de ûndersyksopdracht en -fraach krekt is.
Hy kent de oare ûndersiker Paul Nobelen net. Ek wit er noch net hoefolle tiid der foar it ûndersyk is. Vaessen komt foar it wykein werom nei Nederlân en sil him dan yn de saak ferdjipje.