Ferkearsbrigadier oanriden

14 jan 2012 - 14:54

In frou (51) út Noardburgum hat har by de plysje melden nei't se tongersdei yn Burgum in ferkearsbrigadier (12) fan basisskoalle De Reinbôge oanriden hie. De frou hat noch wol mei it famke praat, mar dy joech neffens de frou oan dat se gjin lêst hie. Letter die bliken dat it famke har foet swier kniesd hie.

De plysje sil de bestjoerster noch hearre oer hoe't it koe dat se it brigadierke net sjoen hat. It famke hie in opfallend hesje oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)