Ljouwerter rydt 73 km te hurd

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed en freedtenacht op de N31 by de wyk Techum yn Ljouwert fiif rydbewizen yn beslach naam. De bestjoerders riden fierstente te hurd lâns de stopljochten. In Ljouwerter (25) ried sels 73 kilometer te hurd.
Freedtemiddei waard yn Appelskea it rydbewiis fan in bestjoerder (28) út Veenhuzen ynnaam. De man ried 126 kilometer dêr't 60 it maksimum wie. By alkolkontrôles rûnom yn Fryslân binne freedtenacht fiif minsken it rydbewiis kwytrekke.