Emosjonele bewennersbyienkomst

19 jun 2013 - 22:48

Emosjoneel, skokt en ferbjustere. Dat wie de sfear en stimming woansdeitejûn fan de ynwenners fan Makkingea. Yn it doarpshûs wie in byienkomst organisearre troch de gemeente. Mei-inoar praten se oer it ûngelok yn Makkingea, wêrby't trije minsken stoarn binne nei in fal yn in dongsilo. Ien slachtoffer leit noch yn kritike tastân yn it sikehûs.

Der kamen 230 ynwenners fan Makkingea op de byienkomst ôf, wêrûnder in soad freonen fan de man (26) út Makkingea dy't ferstoarn is. Plysje, brânwacht en Slachtofferhelp wiene ek by de byienkomst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)