Jan Bos wint De Gordyk

19 jun 2013 - 22:11

Jan Bos hat woansdeitejûn de Ronde fan De Gordyk wûn. Mei in moaie solo yn de lêste trije rûntsjes soarge de ynwenner fan Bontebok dat De Gordyk wer nije hurdfytsgloarje belibbe. Yn 1999 wie it lêste kritearium, fjirtjin jier letter foel de slach al betiid. Jan Bos naaide út mei Teake-Piet van der Werf fan Dearsum, Niek Hooghiemster fan Oentsjerk, Gijs Strating fan Haren en Jeff Vermeulen fan Hoogvliet Rotterdam. Vermeulen, yn maaie noch winner fan twa etappes yn Olympia's Tour, besocht it noch wol, mar waard twadde. Van der Werf tredde

Niek Hooghiemster waard fiifde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)