Oane Galama wint fierljeppen

19 jun 2013 - 21:19

De fierljepwedstriid fan Gryptsjerk hat in ferrassende winner krigen. Regearend Nederlânsk kampioen Oane Galama sprong dêr in nij persoanlik rekôr fan 20 meter 97. Dat is tagelyk in nij skânsrekôr. Yn 'e finale giene noch twa manlju oer de 20 meter hinne. Sa waard Thomas Helmholt tredde mei in sprong fan 20 meter 11 (in pr) en helle syn broer Bart Helmholt 20 meter 20. De grutte favoryt einige dêrmei op it twadde plak. De 20 meter 97 fan Galama is ek de fierste sprong oant no ta fan 2013.

Grytse Abma wûn mei 14.53 by de froulju, Sytse Bokma wie de bêste junior mei 17.46 en Jan Teade Nauta wie mei 17.31 de bêste by de jonges.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)